Eastersee-Buorren, lokaal ek De Buorren, is in buorren yn de gemeente De Fryske Marren, earder Lemsterlân, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. It is ien fan de beide buorrens fan it doarp Eastersee. De Buorren hat likernôch 350 ynwenners (2004). Earder wie dit in selsstannich doarp, mar no foarmet it mei Eastersee-Giterskebrêge it doarp Eastersee. Troch de oanleine eilantsjes yn de Tsjûkemar is der mear rekreaasje komd yn it doarp. Sûnt 2006 streamt wer wetter troch de Giterske Feart. De feart waard ein jierren '60 ticht goaid, mar is wer útgroeven. It is ûnderdiel fan in projekt om it doarp oantrekliker te meitsjen foar toeristen.
Yn it ramt fan it projekt wurde ek huzen boud, strjitten opknapt en rekreaasjefoarsjennings oanlein. Ek op it plak fan it eardere molkfabryk binne huzen setten.